Toon Molleman hâldt op as direkteur fan PI Ljouwert

07 feb 2020 - 11:44

Toon Molleman hâldt op as direkteur fan de PI (Penitentiaire Inrichting) Ljouwert. Mei yngong fan 1 maart wurdt er de nije fêstigingsdirekteur fan de PI Arnhem. Wa't Molleman opfolgje sil yn Ljouwert is noch net bekend.

Foto: Eigen foto

Hy nimt it stokje oer fan Francesca Salamone, dy't oerstapt as fêstigingsdirekteur nei PI Nieuwersluis. Sûnt oktober 2018 wie hy fêstigingsdirekteur fan de Ljouwerter finzenis.

Hjirfoar wie Molleman ûnder oare strategysk managementdirekteur fan de difyzje finzeniswêzen en ûndersiker by it Wetenschappelijk Onderzoek- en Documentatiecentrum (WODC) mei as oandachtsgebiet it penitinsjêre wurkfjild.

(advertinsje)
(advertinsje)