Steuring by ferskate gemeenten; problemen Ljouwert wer ferholpen

07 feb 2020 - 11:04

Der is op dit stuit yn ferskate gemeenten yn Fryslân sprake fan steuring. De gemeenten Waadhoeke, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Skylge binne telefoanysk net berikber of kinne minsken oan it loket net helpe. Ek yn Ljouwert wiene der problemen, mar yntusken is de steuring yn dy gemeente foar in grut part wer ferholpen.

Foto: Argyf

De gemeente Ljouwert is yntusken wer telefoanysk berikber. Ek de tsjinstferliening komt dêr wer op gong. De gemeente ferwachtet om 14.00 oere wer folslein operasjoneel te wêzen.

Oare gemeenten

De gemeente Skylge en Waadhoeke litte witte dat se sawol telefoanysk as oan de baalje gjinien helpe kinne.

Noardeast-Fryslân en Dantumadiel binne dan wer allinnich telefoanysk te berikken. Troch de steuring is harren tsjinstferliening oan de loketten net mooglik.

Dield ICT-systeem

De oarsaak fan de steuring is in kabelbreuk. De gemeenten meitsje gebrûk fan in dield ICT-systeem dat út Ljouwert wei oanstjoerd wurdt. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)