SC Hearrenfean wiken sûnder Warner Hahn fanwege blessuere

07 feb 2020 - 10:58

SC Hearrenfean moat it wiken dwaan sûnder doelman Warner Hahn. Hy foel ferline wike op in training út mei in blessuere oan de knibbel. Dat meldt de klup op harren webside. Hy moast ôfrûne wykein it kompetysjeduel al misse tsjin Fortuna Sittard.

Foto: OrangePictures

Twadde doelman Filip Bednarek naam syn plak ûnder de latte yn by de wedstriid yn Sittard. De klup lit witte dat Hahn dizze wike wer besocht te trainen, mar dat er noch net foldwaande genêzen is fan syn blessuere.

Suriname

Ekstra soer foar Hahn is dat er krekt opnaam wie yn de seleksje fan it Surinaamske nasjonale alvetal. Ferline wike makke it Surinaamske fuotbalbûn bekend dat Nederlânske fuotballers fan Surinaamske ôfkomst foar de nasjonale ploech útkomme kinne, sûnder dat se har Nederlânske paspoart kwytreitsje. Warner Hahn is hikke en tein yn Rotterdam, mar hat Surinaamske woartels.

(advertinsje)
(advertinsje)