Steatsboskbehear en gemeente ynvestearje miljoen yn Flylân

07 feb 2020 - 10:45

Steatsboskbehear en de gemeente Flylân ynvestearje 1,1 miljoen euro yn duorsume rekreaasje- en natuerprojekten op it eilân. It jild komt beskikber troch in oantal grûntransaksjes tusken beide. Tongersdeitemiddei hawwe direkteur Sylvo Thijsen fan Steatsboskbehear en boargemaster Tineke Schokker fan Flylân in yntinsjeferklearring ûndertekene.

Boargemaster Tineke Schokker en direkteur Sylvo Thijsen ûndertekenje de yntinsjeferklearring - Foto: Staatsbosbeheer

Troch de oerdracht wurdt de gemeente eigener fan de grûn ûnder de jachthaven, sportsintrum Flidunen en it sportterrein. In oantal fan dizze terreinen is al yn gebrûk by gemeentlike stichtingen. Mei de oerdracht ûntsteane der logyske ferhâldingen en feroarje ferskate diken en fytspaden fan eigener.

Steatsboskbehear wol de opbringst fan de transaksjes mei in grienfûnsrekken ynvestearje yn it eilân. Projekten dy't dêrfoar yn oanmerking komme kinne, binne ynvestearrings yn fytspaden, de gearwurking mei it natueredukaasjesintrum De Noordwester, natuerbelibbingsrûtes foar alle leeftiden en ferduorsuming fan gebouwen en materieel fan Steatsboskbehear.

Wurkgroep

In wurkgroep fan minsken fan Steatsboskbehear en de gemeente sil oan de slach mei it programma. "Het Waddeneiland Vlieland temidden van het Werelderfgoed Waddenzee is één van de parels van Staatsbosbeheer", seit Sylvo Thijsen. "Met deze investering kunnen we de natuur, de recreatie en de Vlielander eilandgemeenschap versterken. Dat is ons heel wat waard."

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De bedoeling is om it jild de kommende fjouwer jier te besteegjen. Boargemaster Tineke Schokker: "Mei dit jild kinne we ynvestearje yn in oantal projekten dat heech op ús mienskiplike ferlanglist stiet, mar dêr't we oars lestich jild foar frijmeitsje koene. We kinne it ek brûke as kofinansiering foar Waddenfûns-oanfragen en sa it ynvestearringsbedrach fierder ferheegje. It makket ús moaie eilân noch oantrekliker, sawol foar toeristen as foar bewenners."

Ofstimming

Jierliks is der bestjoerlike ôfstimming tusken de direksje fan Steatsboskbehear en it kolleezje fan de gemeente Flylân oer de karren en de fuortgong. De direkteur fan Steatsboskbehear nimt it finale beslút oer de besteging út it grienfûns.

(advertinsje)
(advertinsje)