Harnzer Isaac Gillissen wurdt e-sporter foar Veloce Esports

07 feb 2020 - 10:17

Isaac Gillissen fan Harns sil by it profesjonele e-sportteam Veloce Esports spylje. Gillissen is e-racer en waard ferline jier wrâldkampioen. E-racing is in sport wêrby't der firtueel raced wurdt.

Isaac Gillissen - Foto: Logitech G

Veloce is in Britsk team dat útkomt by ferskate spultsjes. De komst fan Gillissen waard grut oankundige troch it team.

(advertinsje)
(advertinsje)