'Goed oerlis' tusken kabinet en boere-organisaasjes

07 feb 2020 - 12:21

Yn Den Haag hawwe premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou opnij mei boere-organisaasjes praat oer maatregels om de stikstofkrisis oan te pakken. De premier en foarsitter Dijkhuizen fan it Landbouw Collectief praten nei ôfrin beiden fan in goed petear. Woansdei wie der ek sa'n gearkomste, mar it kabinet bruts dat oerlis ôf út ûnfrede oer in ferklearring fan Farmers Defence Force (FDF), ien fan de organisaasjes dy't ûnder it kollektyf falle.

Neffens dy ferklearring ûnderhannelet it kabinet "achter de rug van de boeren met andere partijen en willen die partijen de boeren als een Judas verraden". It kabinet easke dat FDF ôfstân naam fan dy ferklearring en sei mei klam dat de minister sels bepale mei wa't se prate.

Woansdeitejûn let bea FDF ekskuzen oan. Mar it kabinet wol dy ek fan FDF sels hearre. Rutte seit dat dat freedtemoarn yndie bard is. "We hebben ook gezegd dat we dat niet nog een keer willen hebben. Wat ik echt niet wil is dat mensen zich geïntimideerd voelen als ze met ons in gesprek willen. Het was heel goed dat nog een keer uit te praten."

Fierder op ynhâld

Bestjoerder Van Maanen fan FDF hat foar it petear oankundige dat hy de ekskuzen werhelje sil. "In het heetst van de strijd zeg je wel eens dingen die niet handig zijn. We willen het niet groter maken dan het is. We gaan hopelijk gauw op de inhoud verder." Neffens him wie der gjin sprake fan in drigemint tusken oare organisaasjes.

De sfear by it petear wie neffens premier Rutte goed. "Het is niet zo dat wij instemming nodig hebben van hen, maar het is belangrijk dat zij weten wat wij doen", seit er.

"It is bûter by de fisk fan beide kanten", seit Trienke Elshof fan LTO Noord. "Dit petear wie in tuskenstap. We hawwe net hurde ôfspraken makke, mar sjoen wêr we no stean en wêr't we hinne wolle."

Utkeapregeling

It oerlis gie ûnder mear fierder oer de útkeapregeling foar boeren dy't mei it bedriuw ophâlde. Dijkhuizen sei nei ôfrin dat de útkeap allinnich giet oer de minsken dy't fuortgean. "Het gaat er ons om dat de mensen die blijven verder kunnen, het gaat er ons om dat de sector zich door kan ontwikkelen."

Nei it petear mei de minister en it premier, ha de partijen fan it Lânboukollektyf ûnderling oerlis hân. Trienke Elshof dêroer:

(advertinsje)
(advertinsje)