Man makket koprol de grêft yn en wegeret it wetter út te kommen

07 feb 2020 - 08:32

De plysje hie it tongersdeitenacht mar drok yn de Ljouwerter binnenstêd. Der wie sprake fan ferskate ynsidinten, fan agresje tsjin helpferlieners oant in dronken man dy't net út de grêft komme woe.

Foto: Plysje

Krekt foar tolven krige de plysje melding fan in persoan dy't har net goed fielde op de Foarstreek. In 48-jierrige ynwenster fan de gemeente Ljouwert wie fallen en hie in holwûne oprûn. Doe't ambulânsepersoniel har behannelje woe, waard se agressyf en sloech se de helpferlieners meardere kearen.

Se krige hânboeiens om en is oerbrocht nei it MCL. Se woe net holpen wurde troch it medyske personiel. De ambulânsemeiwurkers oerwage oanjefte te dwaan fan mishanneling.

Bedriging

Krekt nei middernacht waard in 41-jierrige oerlêstpleger oanhâlden foar bedriging. De persoan hie ek op de Foarstreek ferskate fytsbannen leechrinne litten. Doe't in omstanner dêr wat fan sei, waard dy bedrige. De plysje hat de fertochte ynsletten en docht ûndersyk.

Letter yn de nacht kaam der in melding oer in lestige klant by in kafee yn de Alde Doelesteech. In 22-jierrige man út Drinte moast fan de plysje it útgeansgebiet ferlitte. Dat die er lykwols net en de plysje hat him dêrom oanhâlden.

Net folle letter wie it wer raak. In ynwenner fan de gemeente It Hearrenfean waard oanhâlden om't er syn 24-oersferbod oertrêde hie. Ek hy is oanhâlden.

Koprol de grêft yn

Om 4.00 oere hinne kaam der in melding fan in dronken persoan dy't yn 'e grêft lizze soe oan de Foarstreek. De 24-jierrige Ljouwerter makke in koprol oer it hekwurk fan in brêge, mar syn akrobatyske oefening ferrûn net as ferwachte.

De man wegere yn earste ynstânsje om selsstannich út it wetter te kommen. Doe't him dúdlik makke waard dat er oars ûnderkuolle reitsje soe, kaam er it wetter út. Hy krige in proses-ferbaal foar iepenbiere dronkenskip en is thús brocht troch de ambulânse.

(advertinsje)
(advertinsje)