Kollum: "Dy goede âlde tiid"

07 feb 2020 - 08:09

"Ik hie ôfrûne wike in petear mei immen oer de mobile tillefoan en ik sei dat ik bliid wie dat ik noch wit hoe't it is om te libjen sûnder sa'n ding, mar ek hoe't it gong ast bygelyks fereale wiest. Gjin app of Insta, mar gewoan ôfwachtsje oft dy leuke jonge sneontejûns ek op stap gong. We bellen net sa gau mei innoar, want dat wie net handich.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Hjoed-de-dei stjoerst yn twa tellen in appke: 'Kom gau, ik lis neaken op dy te wachtsjen.' Ast soks eartiids oer de tillefoan sizze woest, dan wie de kâns grut dat in heit, mem, broerke of suske opnaam en de tillefoan ek nochris in fêst plak hie yn 'e hûs. In soad praatsjes hiest op dat mêd dus net mar hoegdest der ek net oer yn te sitten dat immen stikem foto's of filmkes fan dy makke.

Ast gelok hiest, kaam dy aardige jonge miskien wol op 'e fyts nei dyn doarp en ast dêr gjin nocht yn hiest, dan naaidest gau út. Dy goede âlde tiid! Ik bin bliid dat ik no gjin puber bin want it gefoel fan privacy is foar my folslein ferdwûn troch de tillefoans en de ôfrûne wike waard ik wer efkes mei de noas op de feiten drukt.

Us dochter stjoerde my in app mei de fraach oft ik ek wist wêr't se Blundstone-skuon krije koe en ik sei dat ik net wist hokker skuon dat wiene. Ik hie der noch nea fan heard, mar hie it ek net opsocht op it ynternet, fierder en dochs krige ik hiel gau dêrnei in advertinsje fan Blundstone op myn tiidline fan Facebook. Soks kin dochs gjin tafal mear wêze?

Tiisdeitejûn seach ik nei in Ingelsk datingprogramma dêr't in frommes in date ha soe, nei in relaasje fan 30 jier. 'Dy is ek net sa jong mear', tocht ik wylst se har ferhaal fertelde en it die bliken dat se al 52 jier wie. Doe't fuort dêrnei it besef kaam dat ik hast 49 wurd, skamme ik my suver in bytsje mar al gau libbe ik mei har mei.

Se hold hiel bot fan it plattelân en hie Dubarry's, krekt as ik. Mar har man, dêr't se hast 30 jier mei troud west hat, wie ferstoarn en no hie se foar it earst wer in date. Dizze nije man fiske graach en se koene it goed fine, tegearre.

Uteinlik fûn ik it bêst wol stoer dat se it oandoarde want ik leau net dat ik sa moedich west hie. No hoecht dat lokkich ek net, mar hast it fansels net altyd foar it sizzen en it libben kin rake klappen útdiele. Troch in aaklike ûngenêslike sykte wie 30 jier leafdesgelok yn fjouwer wike ferdwûn en wie se wer allinnich.

De date like in aardige keardel te wêzen, mar as ik op har plak sitten hie, woe ik as earste witte hoe't sa'n man mei syn tillefoan omgiet. Sit er op Tinder? Mei hoefolle froulju appt er? Makket er stikem foto's fan famkes yn koarte rokjes? Is er in âld wiif op social media en as it al serieus wurde soe, dan mocht er de tillefoan perfoarst net meinimme nei de sliepkeamer.

Mar stel datst as minske wol fatsoenlik omgiest mei dyn tillefoan, hoe sit it dan mei it ding sels? Myn Blundstone-affêre wie net de iennichste dus doch my mar wer de goede âlde tiid. Ien affêre wie doe mear as genôch omdat elkenien dy oars hinne en wer fytsen seach. Mar ik fyn sosjale kontrôle sûner as social media en it fielt ek in stik fertrouder."

(advertinsje)
(advertinsje)