Tennissers út acht lannen nei Ljouwert foar Tennis Europe Nations Challenge

07 feb 2020 - 07:02

Wa wit spilet de takomstige winner fan ferneamde tennistoernoaien lykas Wimbledon, de Australian Open of Roland Garros dit wykein wol yn Ljouwert. Op de binnenbanen fan tennisferiening De Bontekoe spylje 24 tennistalinten oant 16 jier, út acht Europeeske lannen, de Tennis Europe Nations Challenge.

Tennis - Foto: Shutterstock.com

It is de twadde kear dat dit toernoai yn Ljouwert hâlden wurdt. "It is ôfwachtsjen of dat kommend jier ek wer sa is. It KNLTB (Koninklijke Nederlandse Lawn Tennis Bond) wiist de lokaasje oan", leit Mannes van Weert fan tennisferiening De Bontekoe út. "Mar it is foarich jier hiel goed gien. Dêrom meie wy it foar de twadde kear organisearje en hooplik kommend jier wer. Je krije no in bytsje in draaiboek, wêrtroch't it wat makliker wurdt om de dingen te regeljen."

Dochs wie it noch in hiele ûndernimming. "Der komme dielnimmers út acht lannen dizze kant op. Se nimme it fleantúch en de trein en dan moatte wy soargje foar in ûnderkommen. Se moatte ophelle en brocht wurde nei de lokaasje. We moatte dus in soad regelje."

Finale yn Frankryk

De 24 dielnimmers waarden selektearre troch mei te dwaan oan in sirkwy út de ynternasjonale tennisfederaasje wei. "De dielnimmers út dizze acht lannen meie no by ús tennisje. It giet noch om in kwalifikaasjetoernoai. Oer 14 dagen is de finale yn Frankryk."

It toernoai yn Ljouwert is der dus net samar ien. "De dielnimmers binne hiel talintfol en moatte sjen oft se harren kost fertsjinje kinne mei de sport. Guon wolle dat hiel graach", seit Van Weert.

Mannes van Weert fan tennisferiening De Bontekoe

Hy hopet dat in soad minsken delkomme wolle om nei it toernoai te sjen en mei te libjen. "De earste wedstriid begjint freed om 10.30 oere: twa inkeldwedstriden en in dûbeldwedstriid. De rest fan it wykein binne der ek noch wedstriden en snein is de finale."

De dielnimmers ferbliuwe yn in hotel yn Ljouwert, dat ek haadsponsor is fan it toernoai. "De KNLTB jout ek jild. Der moat wol wat bylein wurde, mar foar Ljouwert en de tenniserij yn Fryslân is it geweldich om soks te organisearjen."

(advertinsje)
(advertinsje)