Poppoadium Asteriks nimt kafee yn Neushoorn foar in wike oer

07 feb 2020 - 06:20

Poppoadium Asteriks nimt takom wike it kafee yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert oer. Se dope it om ta kafee 'De Stroper'. Alle dagen stean der optredens yn it kafee op it programma.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Asteriks is ferline jier fuortgien út de Blokhúspoarte en is noch hieltyd op syk nei in nij fêst plak. Al mear as in jier is Asteriks oan it swalkjen. Se hawwe konserten hân yn Sealen Schaaf, de Koperen Tún, de Kanselerij. No sitte se dus foar in wike by 'grutte broer' en konkurrint Neushoorn.

"Te rooskleurig"

It wie de bedoeling dat Asteriks dit jier in nij fêst plak hawwe soe, mar dat keallet swier, fertelt Koen Haringa fan poppodium Asteriks. "We zien de wereld toch wat rooskleuriger dan hij is. We hebben geleerd dat we zakelijker naar het inrichten van een nieuw podium moeten kijken. Er komt toch wel meer bij kijken dan toen we in de Blokhuispoort zaten. We hadden het goed daar." Se hawwe gjin spyt dat se fuortgien binne. "Het is de meest avontuurlijke periode van Asteriks tot nu. Een erg waardevolle periode." Hy is derfan oertsjûge dat it nije dingen opsmyt dat Asteriks úteinlik foarút helpt.

Alle kanten op

Wol fynt Haringa dat it swalkjend bestean in soad enerzjy kostet. "Daarom doen we nu vaker projectmatige dingen zoals deze week met 'De Stroper'. Dat we in plaats van een dag ergens programmeren, dat negen dagen doen op een plek." Neffens kollega Wytse Dijkstra wurdt it in wike mei in grut ferskaat. "It begjint freed mei in typyske Asteriksjûn mei Raderkraft. Mar we hawwe ek in klupjûn en op de moandei in muzykkolleezje fan Lennard Fopma. Hy fertelt oer de oergong fan de akoestyske blues nei elektroanyske."

Net by Neushoorn yn

It kafee yn Neushoorn stiet al in skofke leech. Mar Haringa en Dijkstra wolle hjir perfoarst net harren fêst plak hawwe. Haringa: "Neushoorn is het kernpodium en Asteriks heeft heel duidelijk een underground-identiteit. Beide plekken zijn nodig in de stad. Ze houden elkaar scherp."

Wytse Dijkstra fan Asteriks

(advertinsje)
(advertinsje)