Femke Kok oanwiisd foar WK junioaren, Fledderus en De Boer gean ek

06 feb 2020 - 22:59

Femke Kok hat lykas ferwachte in oanwiisplak krigen foar it WK junioaren yn it Poolske Tomaszow Mazowiecki. De reedrydster út Nij Beets wie ôfhinklik fan in oanwiisplak omdat se net meidie oan it NK junioaren. Myrthe de Boer fan Skarsterbrêge en Marrit Fledderus fan Sint-Nyk hiene har al oer 'de gewoane wei' pleatst foar it WK, dat yn febrewaris hâlden wurdt.

Foto: www.orange-pictures.nl

De 19-jierrige Kok ferraste ein ferline jier mei in brûnzen medalje op de 500 meter op it NK foar senioaren en in pear wiken letter sels mei in fjirde plak op de 500 meter op it EK.

De ferwachtings fan de Friezinne binne heech op it kommende WK junioaren, want ôfrûne jier gie Kok mei seis medaljes nei hûs: goud op de 1500 meter, de teamsprint en it allroundklassemint, en sulver op de 500 en 1000 meter en de ploege-efterfolging.

De Boer en Fledderus

Ek Myrthe de Boer is gjin ûnbekende mei it winnen fan medaljes. De 17-jierrige reedrydster wûn ôfrûne moanne noch in gouden medalje op de 1.500 meter op de Jeugd Olympyske Spelen yn Switserlân.

(advertinsje)
(advertinsje)