Man oanholden yn Ljouwert nei mislediging fan hanthavening

06 feb 2020 - 22:45

De hanthavening fan Ljouwert hie tongersdeitejûn oan de Jouwsmastrjitte te krijen mei in man dy't goed obsternaat wie. Sy wiene op syk nei in fertochte fan fan it weismiten ûnder oare âld papier en in tal matrassen njonken in parkearterrein.

Neffens de hanthavening kaam in oare bewenner nei bûten dy't him mei de tsjinners bemuoide en harren misledige. Nei in tal misledigingen is de fertochte dêrfoar oanholden. De man fersette him bot en hy moast mei geweld fêstholden wurde. De fertochte is meinommen. Der wurdt in proses-ferbaal opmakke foar ferskate feiten.

(advertinsje)
(advertinsje)