Motor botst op auto op A7

14 nov 2011 - 10:40

Op de A7 by ferkearsplein It Hearrenfean is sneintemiddei in 18-jierrige motorrider fan Sint Jânsgea troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in auto oan riden. De man ried fan de A32 de A7 op rjochting De Jouwer. Hy foel mei de motor en botste tsjin de auto fan in man út Warffum oan.

De motorrider rekke ferwûne oan 'e skonk. Troch it ûngelok ûnstie in file. In automobilist út Gryptsjerk botste yn dy file tsjin syn foarlizzer oan. Yn de twa belutsen auto's sieten meielkoar fiif personen. Sy binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De motorrider leit noch yn it sikehûs.

Trefwurden: 
motor
(advertinsje)