Noch gjin dúdlikens oer konsintraasje sportfjilden yn Dokkum

06 feb 2020 - 22:39

Der is noch altyd gjin dúdlikens oer in mooglike konsintraasje fan sportfjilden yn Dokkum op it Tolhúspark. Sels in troch de ELP oanfrege spoeddebat koe dêr tongersdeitejûn gjin útslutsel oer jaan.

Johan Talsma fraksjefoarsitter ELP-NEF - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders krige, lykas earder ôfpraat, de tiid oant 1 april om mei in plan te kommen. Yn Dokkum spilet de kwestje al jierren: soene alle sportfoarsjennings byinoar op it Tolhúspark komme moatte, oan de súdkant fan de stêd? Foar sport- en eveneminteterrein De Hurddraver, dat deun tsjin de binnenstêd oan leit, ûntstean dan allegear nije ûntwikkelingsmooglikheden.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Twongen ferhúzje?

De gemeenterie fan Dongeradiel hie earder by moasje útsprutsen dat sportferienings nea twongen wurde meie te ferhúzjen. Mar jildt dy útspraak ek noch foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân? Johan Talsma fan de ienmans-fraksje ELP-NEF is dêr net gerêst op. Sa hie er fan de foarsitter fan de keatsferiening heard, dat ferhúzjen foar harren de iennige opsje wêze soe.

"Ried hat it lêste wurd"

Wethâlder van Esch sprekt fan 'respekt foar de earder oanname moasje', mar wol yn dizze faze graach alles iepenhâlde. "Wy lizze foar 1 april in plan oan de rie foar. Dêr kinne we no net op foarút rinne. Mar de rie hat fansels altyd it lêste wurd."

Johan Talsma en wethâlder Van Esch

(advertinsje)
(advertinsje)