Ald-Ljouwerter Dhani Hoekstra yn hongerstaking om ierdbevingsproblematyk

06 feb 2020 - 22:26

Ald-Ljouwerter Dhani Hoekstra is tongersdeitemoarn yn hongerstaking gien om omtinken te freegjen foar de problemen dêr't bewenners yn it Grinslanner ierdbevinggebiet mei te krijen hawwe. Hoekstra ferhuze tsien jier lyn nei Ten Post foar de leafde. De skea oan syn hûs is bot oprûn. Der binne in soad húshâldings lykas sines dy't tusken wâl en skip falle en net fierder komme. Dat moat oars, fynt Hoekstra.

Foto: ANP

"Ik hoop dat wij, niet alleen voor onszelf maar ook voor andere Groningers, kunnen bewerkstelligen dat de landelijke politiek iets gaat doen", sa seit Hoekstra, dy't al de tredde is yn Grinslân dy't yn hongerstaking giet. "Ik heb vandaag bezoek gehad van de andere hongerstakers. Ze hebben me tips gegeven waar ik rekening mee moet houden."

"Uiteindelijk is het doel om de mensen hier in Groningen te helpen. Dat zijn de mensen die in het vergetelhoekje zitten, die overal tussen wal en schip vallen. Dan heb ik het over enkele honderden gezinnen, schrijnende gevallen", sa seit de âld-Ljouwerter.

Ophâlden mei tellen fan skuorren

Hoekstra beheart neffens himsels ta dy groep fan de slimme gefallen. De ierdbevingen behearskje it libben fan him en syn frou. "Toen ik nog in Leeuwarden woonde, kreeg ik natuurlijk wel berichtgeving mee over de aardbevingen in Groningen, maar nu zit ik er al geruime tijd zelf in. Toen ik hier kwam wonen was het nog een klein scheurtje, maar inmiddels zijn we opgehouden met tellen", seit Hoekstra. Syn teller stiet no al op goed hûndert skuorren, fertelt er.

Hoekstra en syn frou sitte finansjeel en psychysk oan de grûn en dus sjogge se noch mar ien opsje: "Het huis verkopen, maar we krijgen dan niet meer dan de grondprijs." De hongerstaking sjocht Hoekstra as syn lêste rêdmiddel.

Ministearje hat noch net west

Minister Wiebes hat noch net reagearre op de hongerstaking fan Hoekstra. "We hebben wel contact met de gemeente gehad. De burgemeester komt hier morgenochtend om half twaalf om met ons in gesprek te gaan. De gemeente is ook met dingen bezig. Maar dat is nu juist waar ik ook voor opkom: het moet niet door Groningers opgelost worden, maar minister Wiebes moet over de brug komen", fynt Hoekstra, dy't syn aksje goed taret hat.

"Afgelopen dagen ben ik al bezig geweest met het afbouwen van eten. Dat is het meest verstandig. Ik leef nu op water en bietensap, dat is heel gezond. Daarmee houd je je vitamines en ijzer op peil. De arts is net langs geweest en die heeft me gecheckt", seit er.

Stugge Fries set troch

Foarearst dus gjin reden om dermei op te hâlden. "Ik ben van plan om hier de stugge Fries in Groningen uit te gaan hangen en ik blijf gewoon zitten waar ik zit." En dat kin noch wol ris hiel lang duorje, tinkt Hoekstra: "Het zou mooi zijn als het morgen opgelost is, maar die verwachting heb ik niet."

Dhani Hoekstra fertelt yn Weistra op wei oer syn hongerstaking

(advertinsje)
(advertinsje)