Begjinnend bestjoerder rydt fierste hurd, rydbewiis ynnaam

06 feb 2020 - 21:56

In 21-jierrige begjinnend bestjoerder koe tongersdeitemiddei syn rydbewiis ynleverje by de plysje. De Grinslanner ried op de wei fan Dokkumer Nije Silen nei Sâltkamp mei in gong fan 136 kilometer yn de oere.

De Kwelderwei tusken Dokkumer Nije Silen en Sâltkamp - Foto: Google Streetview

Op de Kwelderwei mei net hurder as 80 kilometer yn de oere riden wurde. De hurdrider waard net fier fan Kollumerpomp trappearre.

Trefwurden: 
Kollumerpomp hurdride
(advertinsje)
(advertinsje)