Auto yn ljochte lôge oan de Moskampwei yn Easterwâlde

06 feb 2020 - 20:58

Op de Moskampwei yn Easterwâlde is tongersdeitejûn in auto folslein útbaarnd. Doe't de brânwacht op it plak kaam, stie de ienpersoanswein yn ljochte lôge.

Foto: De Vries Media

De brânwacht fan Easterwâlde koe net foarkomme dat de auto grutte skea oprûn. Der rekke gjinien ferwûne by de brân. Mooglik is de brân toch koartsluting ûntstien.

(advertinsje)
(advertinsje)