Trije fuotgongers oanriden op De Lemmer by ferkearsljochten

06 feb 2020 - 20:47

Op de krusing fan de Rûnwei (N359) mei de Strjitwei op De Lemmer binne tongersdeitejûn trije fuotgongers oanriden troch in auto. Ien fan de persoanen moast mei in ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

Foto: De Vries Media

De minsken besochten oer te stekken, mar rûnen by fersin by it griene ljocht foar fytsers nei de oare kant. Dêrtroch hiene sy te min tiid om oer te stekken. De auto krige dêrnei grien ljocht, seach de fuotgongers net op 'e tiid en ried de minsken oan.

De plysje hat ûndersyk dien nei it ûngelok en dêrfoar hat de dyk yn de rjochting fan de A6 en Eastersee in skoft ôfsletten west.

(advertinsje)
(advertinsje)