Bern fan Burgum en Amsterdam tichtsje kleau tusken Rânestêd en Regio

06 feb 2020 - 20:13

In kleau tusken it plattelân en de westlike stêden fan ús lân? Net foar de bern fan OSG Singelland Burgum en De Amsterdamse Mavo. Sy moeten inoar tongersdei op de Ofslútdyk. De skoallen gean in bysûndere gearwurking oan.

Foto: Aletta Duitemeijer

Dosint Anne Johan Sikkes: "It wie in boppeslach. Wy hiene ôfpraat by it monumint by de Ofslútdyk. Dat leit moai yn 'e midden tusken Noard-Hollân en Fryslân. Dêr hawwe wy in earste moeting hân mei twa dosinten en in groepke bern fan de Amsterdamske mavo. En sa wiene wy ek mei in groepke."

Leare yn de wrâld te stean

It kontakt mei de skoalle fan Amsterdam ûntstie eins by tafal. "In kollega hearde dat dizze skoalle in soad die oan persoansfoarming en boargerskip, begrippen dy't no wol 'hot' binne yn it fuortset ûnderwiis. Dat bern mear leare om harren hinne te sjen, wat de wrâld foar harren betsjut en hoe't sy dêr sels yn stean. Wy hawwe kontakt socht mei dizze skoalle en sy seine: it soe moai wêze as wy gearwurkje kinne," jout Sikkes oan.

Halal-barbecue

Der binne fansels foaroardielen. "Yn Amsterdam, mar ek by ús eigen bern. Wy wolle sjen oft der no wol echt sokke grutte ferskillen binne tusken it Westen en hjir. Dat wolle wy mei dizze projekten yn Amsterdam en Burgum oanpakke. Wy waarden útnûge foar in barbecue en dat wie halal. Dat is fansels hiel oars as hjir."

Bern fuortendaliks byinoar

Foar de bern die bliken dat de ferskillen echt net sa grut wiene. "Wy binne by it monumint op de Ofslútdyk nei binnen gien foar wat drinken en de bern út Amsterdam en Burgum giene fuortendaliks byinoar sitten. Sy hiene it oer fan alles, it fuotbaljen en it reizigjen nei skoalle. Hoe giet dat yn Amsterdam en Burgum? Sy wiene hiel iepen nei inoar. Dêrom fielde it daliks as in goede start."

Frysk-Amsterdamske flagge

Der is sels in spesjale flagge makke: in Frysk-Amsterdamske. Sikkes: "En wy binne nei it monumint gien mei wat Fryske produkten, lykas sûkerbole. Mar wy hawwe wer tulpen en sa mei werom krigen. Yn juny komme de bern út Amsterdam nei ús ta op besite. Dan meitsje wy in programma om harren Fryslân sjen te litten."

Dosint Anne Johan Sikkes fan OSG Singelland Burgum

(advertinsje)
(advertinsje)