Pleatslik Belang Bitgummole: gjin arbeidsmigranten yn Groot Terhorne

06 feb 2020 - 19:51

Pleatslik Belang Bitgummole hat in negatyf advys útbrocht oer it ûnderbringen fan arbeidsmigranten yn Groot Terhorne. De gemeente Waadhoeke en de eigeners fan it gebou hawwe de plannen ein ferline jier foarlein oan de bewenners fan it doarp. Yn de plannen stie dat der sân apparteminten mei plak foar 36 bewenners komme moatte soene.

Groot Terhorne, Bitgummole - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Groot Terhorne stiet al skoften leech en de gemeente hat problemen mei it ûnderbringen fan arbeidsmigranten, want der is te min wenromte beskikber. Neffens de gemeente past it húsfêstjen fan arbeidsmigranten op grutskaliger wize yn harren wenfisy om't pleatsing yn gewoane wenhuzen ek ta skea giet fan ynwenners fan de gemeente dy't wenromte sykje.

Neffens Doarpsbelang hat de kwestje it doarp flink dwaande holden en binne se op basis fan in tal arguminten ta in negatyf advys kaam. It advys is binend.

'Gjin wearde foar it doarp'

In tal punten dy't nei de gearkomste troch bewenners neamd binne dat it plak, midden yn it doarp, mei 36 bewenners in fersteurend byld jaan kin. It soe gjin wearde taheakje oan it doarp, sa is de miening fan guon ynwenners. Earder in negative wearde. Ek soene minsken harren ûnfeiliger fiele kinne, is de reaksje fan it doarp út, want yn it gebou soene oer it generaal manlju ûnderbrocht wurde dy't seis oant acht moannen fan hûs binne. De arbeidsmigranten prate de taal net of has net en om't se hjir net lang binne yntegrearje se ek net en binne se net belutsen by it doarp. Der soe boppedat te min parkeargelegenheid wêze.

Nei de gearkomste hat in tal minsken te sjen west yn Sint-Jabik dêr't ek arbeidmigranten wenje en is der praat mei doarpsbelangen fan Sint-Jabik en Easterbierrum. Op basis fan alle reaksjes en ûnderfiningen út oare doarpen hat Pleatslik Belang Bitgummole de konklúzje lutsen dat it net winsklik is foar it doarp om Groot Terhorne om te bouwen ta in wenplak foar arbeidsmigranten.

Doarpsbelang wol petear iepenhâlde

Doarpbelang stiet iepen foar fierder oerlis. Sy hawwe dat yn in brief oan de gemeente kenber makke en de eigeners fan it gebou telefoanysk op 'e hichte steld. Neffens foarsitter Doeke de Jong is it spitich dat it gebou no dochs wer leech driget te bliuwen, mar hy wol graach yn petear mei de eigeners om te sjen wat wol mooglikheden binne Groot Terhorne as gebou te behâlden foar it doarp. Want gjinien wol ferkrotting fan it byldbepalende gebou, sa seit De Jong. Ek jout Pleatslik Belang oan altyd mei de gemeente fierder yn petear te wollen.

(advertinsje)
(advertinsje)