"Nije jildferdieling gemeenten soe finansjele gaos foar Fryslân betsjutte"

06 feb 2020 - 18:40

Twa tredde fan de gemeenten giet der finansjeel op efterút by de nijste ferdieling fan it jild ûnder de gemeenten. Dat docht bliken út earste stikken dy't sûnt tongersdei op strjitte lizze. Der wurdt op 'e nij besjoen hoe't it jild ferdield wurdt oer gemeenten. By de nijste plannen profitearje de aldergrutste en alderlytste gemeenten, alles der tusken yn moat ynleverje: de middelgrutte gemeenten. It Fryske CDA-Keamerlid Harry van der Molen wol opheldering fan de minister.

CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen - Foto: ANP

"It byld dat nei foarren komt is dat de Rânestêd der bot op foarút giet en dat de regio ynleverje moat. Dêr skrikke je fan, dêrom wol ik dat de minister útlis jout. Der binne grutte problemen yn de Rânestêd dy't oanpakt wurde moatte, mar dêr giet ek al boppe-gemiddeld jild hinne. Wylst middelgrutte stêden as Ljouwert, Snits, Dokkum of stêden yn oare hoeken fan it lân ek in soad barre moat. As dy jild op it kleed lizze moatte om in probleem yn Amsterdam op te lossen, dat giet my te fier," seit Keamerlid Harry van der Molen.

Kin grutte gefolgen foar Fryslân hawwe

It soe in soad gefolgen hawwe foar Fryslân, seit Van der Molen. "De tiid is wol foarby dat wy yn Fryslân lytse gemeenten hiene, wy hawwe no in soad middelgrutte gemeenten. Dy soene de dupe wêze. En de gemeenten hawwe it al net sa rom, en as jo dan noch ekstra ynleverje moatte: dat wurdt finansjele gaos."

'Soad gemeenten al ûnder tafersjoch'

In soad gemeenten hawwe it finansjeel al dreech, bygelyks troch de nije taken yn de soarch. "Dizze diskusje giet oer it ferdielen fan it jild dat der al is. Dat fûns wat gemeenten krije dêr sitte in soad maatregels en ferdielingen by dy't âld binne en wy net mear begripe. Dat sy dêr opromming yn hâlde snap ik wol. Mar it moat net sa wêze dat in gemeente dy't in tekoart by de jongereinsoarch hat, der oan de oare kant ek noch op ynleverje moat. In soad gemeenten binne troch de reserves hinne en steane ûnder tafersjoch fan de provinsje. Dan soe Den Haag it noch dreger meitsje," jout Van der Molen oan.

'Druk op hâlde'

De stikken dy't no op strjitte lizze, litte noch net it definitive byld sjen. Van der Molen: "Mar sa binne wy der wol moai op 'e tiid by. Ik wol fan de minister witte oft hy mei dizze útslaggen libje kin. It stiet op papier dat minister Knops sein hat: dit wol ik echt net. Dat wol de Keamer dan ek wol efkes fan him witte. It is foar ús as CDA in gelegenheid om te sizzen dat wy der net mei libje kinne. Minister Knops hat al sein dat hy it net wol, mar it is wol goed om der druk op te hâlden. It úteinlike útstel moat goed wêze en it kin net sa wêze dat twa tredde fan de gemeenten jild ynleverje moat foar de grutte stêden."

CDA-Keamerlid Harry van der Molen

(advertinsje)
(advertinsje)