The Homesick komt mei langferwachte twadde studio-album

06 feb 2020 - 17:34

De ferneamde band The Homesick út Dokkum komt freed mei it langferwachte twadde studio-album. De band makket ynternasjonaal furoare. De cd 'The Big Exercise' komt út op it ferneamde Subpop-label, dat festige is yn Seattle (USA) en de thúsbasis wie fan Nirvana en Fleet Foxes.

The Big Exercise - Foto: The Homesick

Festivals fan Portugal oant Taiwan

The Dokkumers meitsje ynternasjonaal furoare. Dat se by de ynfloedrike platemaatskippij Subpop sitte, is tekenjend foar de ynternasjonale ambysjes fan de trije jonge Dokkumers. It ôfrûne jier spilen se op festivals fan Portugal oant Taiwan. Dêr krigen se in protte positive reaksjes. En dat wylst de muzyk fan The Homesick net hiel tagonklik is. It wurdt ek wol 'dreampop' neamd, mei hoekige ritmes dy't tinke dogge oan de betide Pink Floyd út de tiid fan Syd Barrett. Mar ek XTC en de Talking Heads kinne as ynspiraasjeboarnen neamd wurde. By Subpop sels neame se it 'barokke postpunk'.

"Artrock uit Friesland"

De earste resinsjes fan 'The Big Exercise' binne goed. "Slimme songs met internationale potentie" skriuwt Jan Vollaard yn NRC. Hy jout it album fjouwer fan de fiif ballen. Ek Harry Prenger fan ThePostOnline is entûsjast: "The Big Exercise van The Homesick is prachtig tegendraads", skriuwt er oer de "artrock uit Friesland".

Iggy Pop draait nûmer fan The Homesick

De goede kritiken sil de band goeddwaan, al binne de leden fan The Homesick, Jaap van der Velde, Elias Elgersma en Erik Woudwijk, wol wat wend oan positive kritiken. Sa draaide nimmen minder as Iggy Pop al ris in nûmmer fan de Dokkumers yn syn radioprogramma op de BBC.

Trije nûmers fan 'The Big Exercise' stean op Spotify: "I Celebrate my Fantasy", "Kaïn" en "Male Bonding".

Nije wike is yn Casa Ennema (Omrop Fryslân Radio, 19-20 oere) alle dagen in track te hearren fan it nije album fan The Homesick.

(advertinsje)
(advertinsje)