Keeper Warner Hahn fan SC Hearrenfean opnaam yn Surinaamske seleksje

Hearrenfean-keeper Warner Hahn is opnaam yn de seleksje fan it Surinaamske nasjonale alvetal. Dêrmei komt it tal Nederlânske fuotballers dat foar Suriname útkomt op njoggen.
© Omrop Fryslân
Hahn fynt it in hiele eare en in moaie ûnderfining. Hy giet der fan út dat er earste keeper wurdt by it Surinaamske alvetal.
Bûnscoach Dean Gorré is bliid mei de tasizzing fan Hahn. Hy neamt him in fantastyske keeper en in grutte oanwinst foar it team.