Hendriks optimistysk oer takomst by SC Cambuur: "Het gaat de goede kant op"

06 feb 2020 - 17:01

De kâns is grut dat Sam Hendriks dit seizoen noch yn aksje komt foar SC Cambuur. Op de lêste dei fan de winterske transferperioade makke de klup bekend dat it Hendriks foar in healjier hiert fan OH Leuven. Mar de spits is noch blessearre. Dy blessuere rûn er op yn syn eardere perioade yn Ljouwert.

Freed waard de komst fan Hendriks wrâldkundich makke en dus stie hy dizze wike foar it earst op it trainingsfjild. In oantal oefenings kin er mei de seleksje meidwaan, mar noch net alles. Dêrom traint de Doetinchemmer ek in part mei de fysioterapeut: "Ik zit in de laatste fase van mijn revalidatie en ik kan al wat met de groep meedoen, dus het gaat de goede kant op."

Op peaskemoandei, 22 april 2019, rekke Hendriks slim blessearre yn it duel mei FC Den Bosch. Hy skuorde dêrby syn krúsbân ôf. Foar dy blessuere stiet yn 'e regel njoggen oant tolve moannen refalidaasjetiid. "Het is een hele vervelende blessure, maar na mijn operatie voelde het direct weer goed, stabiel en sterk. Dan krijg je automatisch weer sneller vertrouwen in je lichaam. Maar het duurt gewoon lang, dat is lastig", fertelt de 25-jierrige spits, dy't ferline seizoen acht doelpunten makke yn it gielblau.

België

Hendriks stiet noch altyd ûnder kontrakt by it Belgyske OH Leuven. Syn kontrakt rint dêr noch oant en mei folgjend seizoen. Mar de kâns op minuten by Leuven wie foar de rest fan dit seizoen lyts. "Toen ik terug was in België, was wel duidelijk dat ik dit seizoen geen rol van betekenis zou spelen. Ook omdat de competitie daar vroeg voorbij is, dus als ik fit zou zijn, was de competitie al voorbij. We zochten naar een oplossing, dat is Cambuur geworden en ik ben er blij mee."

De omstannichheden wêrûnder Cambuur him hiert, binne geunstich. Sa sitte der net in soad kosten oan foar de Ljouwerters, wêrtroch it mooglik wie om him foar in healjier nei de klup te heljen.

Foto: Dijks Fotografie

Refalidearje by de KNVB

Foar fuotballers dy't sa'n slimme blessuere hawwe, is der de mooglikheid om yn it sportsintrum fan fuotbalbûn KNVB te refalidearjen. Dêr foel ek de kar fan Hendriks op: "Dat beviel me heel goed. Ook omdat je jongens treft die hetzelfde hebben. Ik liep samen met Tim Receveur van Almere City redelijk gelijkop, dus we hebben de hele revalidatie samen kunnen doen. Dan trek je wel veel met elkaar op. Ondanks de blessure heb ik wel een mooie tijd bij de KNVB gehad."

Sam Hendriks yn syn earste perioade by SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

Nóch in spits foar Cambuur

Mei Robert Mühren en Delano Ladan hat Cambuur al de beskikking oer twa spitsen. Hendriks is de tredde. Dochs is trainer Henk de Jong wiis mei syn komst. "Stel dat der wat gebeurt mei Robert Mühren of Delano Ladan, dan is it wol hiel smel. Sam is echt in teamplayer dy't him geweldich fielt by dizze klup. Hy hat it foarich jier geweldich nei it sin hân en is bliid dat er hjir wer is. Dat is moai."

De Jong fynt it ek net mear as logysk dat Cambuur him de kâns biedt om yn Ljouwert oan syn refalidaasje te wurkjen. "Dy jonge hat hjir in blessuere oprûn. Dan fyn ik it ek wol moai dat we ien helpe kinne. Mar it is net allinne helpe hear, ik tink dat er ús helpe sil!", laket de Drachtster.

Rentree

De grutte fraach is wannear't Hendriks syn rentree meitsje kin. Wat dat oanbelanget hat er in goed boadskip foar de supporters fan Cambuur: "Ik hoop volgende maand wat minuutjes bij Jong Cambuur te maken. Er is een reële kans dat ik vanaf maart, april wedstrijdfit genoeg ben. Zoals het er nu naar uitziet kan ik de laatste zes à acht weken van de competitie beschikbaar zijn."

(advertinsje)
(advertinsje)