Antje (9) dreamt fan olympysk goud

Se is maklik te herkennen, want har namme stiet mei grutte wite letters op har trainingsjack. Mei in behoarlike gong rydt se har rûntsjes. Der giet net in dei foarby of de 9-jierrige Antje út Damwâld is op de iisbaan fan de Elfstedenhal yn Ljouwert te finen. "Ik fyn it lûd fan klappende redens it aldermoaiste lûd dat der is", seit se.
Antje

Minder populêr

Der binne lûden dat reedriden by bern hieltyd minder populêr is. Nettsjinsteande dat Fryslân toppers hat lykas Ireen Wüst en Sven Kramer, wurde hieltyd minder minsken lid fan in reedrydferiening. Neffens it KNSB komt dat omdat de winters tsjintwurdich minder strang binne. Bern begjinne minder gau mei reedriden as der gjin natoeriis is. Yn Fryslân is dat lykwols net it gefal. Tsjin de lanlike trend yn is reedriden yn Fryslân noch altyd tige populêr. Alle wiken krije 700 bern yn de Elfstedenhal reedrydles.
De Alvestêdetocht winne liket my ek wol wat.
Antje
Ien fan harren is Antje. Sûnt in jier traint sy by reedrydferiening De Eskimo's út Frjentsjer en dat docht fertuten. Har technyk giet mei sprongen foarút. It is har ultime dream om de Olympyske Spelen te heljen, "Mar de Alvestêdetocht winne liket my ek wol wat!"

Bob de Jong

Har favorite rider is Bob de Jong. De Jong waard yn 2006 olympysk kampioen op de 10 kilometer. Krekt lykas har grutte foarbyld moat Antje it ek hawwe fan de lange ôfstân.