SAR Nederland hat nije boat, mar siket noch sonar

06 feb 2020 - 16:47

SAR-Nederland krijt in nije boat, om te helpen by it sykjen nei fermisten. De boat wurdt op dit stuit boud yn Stiens, en is meibetelle troch in jefte fan de skoalbern fan it Comenius.

De frijwilligers fan it Search and Rescue-team wurde oer it hiele lân ynset by fermissingen. Lykas yn 2017 mei de fermissing fan Remon Bruinsma. De frijwilligers, faak mei in eftergrûn by brânwacht, plysje of leger, sykje dan sawol op lân as op en yn it wetter. Oer it algemien wurdt it team sa'n 20 oant 30 kear yn it jier oproppen troch plysje of famylje, sa fertelt Houwina Postma.

It SAR-team wie oant no ta ôfhinklik fan sonarboaten fan bedriuwen of oare ynstellingen. Net ideaal fansels, want somtiden wie der gjin sonarboat beskikber, wylst dy wol bot nedich wie.

Ombou útdaging

En dus kaam de winsk om sels in boat oan te skaffen. Mei help fan de learlingen fan it Comenius yn Ljouwert, is no genôch jild ophelle om in boat om te bouwen ta SAR-boat. Dit bart by it bedriuw Tomasco yn Stiens. Eigener Tom Jorna hie noch in model yn de showroom stean, dêr't er eins net mear oan takaam, en dat prima geskikt wie foar de nije SAR-boat. Jorna fynt it moai dat it team sels de ferbouwing oppakt, mar helpt hjir en dêr wol mei.

Foto: Omrop Fryslân

Der moat noch in soad oan de boat feroare wurde. Sa moat er geskikt makke wurde foar sa'n fiif dûkers, ynklusyf swiere soerstofflessen. En ek moatte der hûnen op de boat rinne kinne. Dy moatte dan oer de râne fan de boat sjen, en foaral rûke, om te fernimmen oft der ek immen yn it wetter leit.

Grutte winsk

Nei de ferbouwing bliuwt der wol ien hele grutte winsk oer: eigen sonarapparatuer. Neffens Postma sil dit hast likefolle kostje as de folsleine boat. Dêrom is der no opnij in aksje op tou set om jild byinoar te krijen. Want de sonarapperatuer soe in takomstige syktocht bot helpe, sa sizze de frijwilligers.

(advertinsje)
(advertinsje)