Jonge (11) út it wetter helle en reanimearre by swimbad De Lemmer

By swimbad Ny Sudersé oan de Industrieweg op De Lemmer is in jonge fan 11 jier swierferwûne rekke. De jonge wie ûnder wetter rekke en nei't oaren him dêrút helle hawwe, is er neffens de plysje reanimearre. It bern is yn sân hasten nei it sikehûs brocht, neffens de plysje yn 'soarchlike tastân.'
© ProNews
Der wiene ferskate ambulânses en in traumahelikopter op it plak. Der wurdt ûndersyk dien nei hoe't it foarfal krekt barre koe.