Koart pleit 'Kick Out Zwarte Piet' om demonstraasjeplak yntocht Sint Piter

06 feb 2020 - 18:35

Kick Out Zwarte Piet hat in koart pleit oanspand tsjin gemeente Ljouwert. De aksjegroep wol dat de gemeente in bettere lokaasje oanwiist foar in demonstraasje yn Grou, dêr't sneon Sint Piter oankomt.

Neffens Kick Out Zwarte Piet hawwe sy fan de gemeente net in plak tawiisd krigen dêr't sy goed sichtber binne. Dat soe wol yn in demonstraasjerjocht stean. De aksjegroep hat in moanne lyn in melding makke fan de demonstraasje, mar dêrnei ûntstie der diskusje oer de lokaasje.

Oare kant kanaal

Kick Out Zwarte Piet wol it leafst op de kade stean dêr't Sint Piter oankomt, mar de gemeente hat foar harren in plak bûten de doarpskearn oanwiisd. Dat is yn de greide oan de oare kant fan de Rjochte Grou, foar Hotel Oostergo oer. Mar de aksjegroep sjocht neat yn dat plak.

It koart pleit tsjinnet freed by de rjochtbank yn Grins.

Demonstraasje Kick Out Zwarte Piet by yntocht Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Buma: 'It is in hiel goed en feilich plak'

Earder op de dei sei boargemaster Sybrand Buma noch dat it plak in súkses wie. "Ik leau dat it foar beide partijen goed wie, it wie ek in feilich plak en in plak dêr't sy harren sjen litte koene," sei Buma.

De boargemaster sei: "It is in moai feest en dat moat trochgean foar de bern en alden. En dat wolle wy sa hâlde. Mar der is ek in rjocht om te demonstrearjen en dêr jouwe wy romte foar. Der is wer in plak oanwiisd by in boer oan de oare kant fan it wetter foar Oostergo. Ik soe sizze dat dat in hiel goed plak is dêr't sy harren sjen en hearre litte kinne. Sy hawwe it rjocht, mar it feest giet ek troch."

Boargemaster Sybrand Buma

Kick Out Zwarte Piet: "We waren moeilijk zichtbaar en hoorbaar"

Rob Kelder fan Kick Out Zwarte Piet is it net mei Buma iens. "Die plek is niet in het dorp, maar aan de andere kant van het kanaal in een weiland. Moeilijk zichtbaar en moeilijk hoorbaar en dus makkelijk te negeren. Wij vinden dat wij vorig jaar niét goed zichtbaar en hoorbaar waren. De voorkeur van ons is de kade waar de boot aanlegt, maar de gemeente heeft aangegeven dat dit niet ging lukken. Toen hebben we meegedacht over alternatieven, want we hebben daar ook wel begrip voor. De gemeente kwam met een lijst met vijf alternatieven, maar uiteindelijk bleek dat alleen het alternatief in het weiland voor de gemeente bespreekbaar was."

Neffens Kelder binne sy ek net sasear it probleem: "Wij waaiden zowat het weiland weer uit en vanuit het dorp waren we matig zichtbaar. De ambtenaren zeggen ook dat ze zien dat wij vreedzaam willen demonstreren. Dat is het probleem niet. De openbare orde komt in het geding doordat mensen op jullie gaan demonstreren."

Rob Kelder fan Kick Out Zwarte Piet

(advertinsje)
(advertinsje)