Eke Folkerts: "Hurde taal FDF is net de toan dy't by de AJF past"

Foarsitter Eke Folkerts fan Agrarische Jongeren Fryslân (AJF) is net bliid mei de hurde taal fan Farmers Defence Force (FDF). Yn in ferklearring neamde de aksjegroep FDF elkenien dy't de sektor ferriede soe in 'judas'. "It is net de toan dy't by de AJF past", seit Folkerts.
Eke Folkerts
De AJF is ien fan de tolve boere-organisaasjes yn it Lânboukollektyf dat woansdei mei minister Carola Schouten om tafel siet om te praten oer de stikstofproblematyk. It petear waard ôfbrutsen nei de ferklearring fan FDF. En dat is net goed foar de ûnderhannelingen, seit Folkerts. "It is hiel ferfelend. Je jouwe eigentlik de oare kant fan de tafel in stôk om mei te slaan."
Nei ekskuzen fan FDF sil it kollektyf freed wer mei de minister om tafel. Neffens Folkerts is it noch te betiid om te sizzen oft der nije aksjes komme. "As der út it petear dingen komme dy't skealik binne foar de lânbou, dan fyn ik in aksje wol legitym. Allinnich, dat moatte we wol dwaan nei't we mei-elkoar yn petear west ha en net ûnderwilens. Dat is in lêste rêdmiddel."
Item FDF
Foarsitter Eke Folkerts fan Agrarische Jongeren Fryslân (AJF)