Suvelkonsern en bank fiele haren net oansprutsen troch uteringen FDF

Suvelkonsern Friesland Campina en de Rabobank fiele harren net oansprutsen troch de uteringen fan de boere-aksjegroep Farmers Defence Force. Dy hie it yn in parseberocht woansdei ûnder oare oer 'zuivelbobo's en bankiers' dy't binnen in pear dagen by lânbouminister Schouten delkomme mochten om 'as in Judas de sektor te ferrieden'. De aksjegroep hat ûnderwilens ekskuzen oanbean foar de utingen yn it parseberjocht.
Friesland Campina © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sawol Friesland Campina as de Rabobank sizze dat se net belutsen binne by it oerlis fan it kabinet mei de boeren, oer de stikstofproblematyk. Se fiele harren ek gjin partij yn it skeel tusken Farmers Defence Force en it kabinet.
De Ried fan Steat bepaalde yn maaie 2019 dat de Nederlânske oanpak om de stikstofútstjit werom te bringen en dêrmei kwetsbere natuergebieten te beskermjen, net foldocht oan Europeeske regels. Guon projekten koene troch it oardiel fan de Ried fan Steat net trochgean. Fergunningen wurde yn guon gefallen net ferliend en yn oare gefallen sels ynlutsen. Dizze wike kaam it kabinet mei in needwet. Mear nijs oer stikstof is te finen op ús dossierside.