DNA toant oan: it wiene wol echt wolven yn Appelskea en Boarnburgum

06 feb 2020 - 15:48

De skiep dy't yn desimber dea fûn binne yn Boarnburgum en Appelskea, binne deabiten troch in wolf. Dat docht bliken út ûndersyk. Ut Appelskea kamen yn desimber op trije dagen meldingen oer skiep dy't dea fûn wiene, mei-inoar gie it om acht. Yn Smellingerlân waard yn Boarnburgum ien melding dien, fan fjouwer deade skiep.

Wolf - Foto: ANP

De sifers komme fan BIJ12, it buro dat foar de provinsjes de skea troch wolven ôfhannelet. Ut dy sifers docht ek bliken dat de ôfrûne twa jier op ferskate plakken yn de hiele provinsje 32 skiep fûn binne dy't wis dea biten binne troch in wolf.

Trefwurden: 
wolf Appelskea Boarnburgum
(advertinsje)
(advertinsje)