Breij en Van Ewijk yn de basis by Cambuur foar thúswedstriid tsjin MVV

07 feb 2020 - 18:35

Michael Breij begjint freed yn de wedstriid fan Cambuur tsjin MVV Maastricht yn de basis. De middenfjilder is de ferfanger fan de blessearre Jamie Jacobs. Ek Milan van Ewijk sil syn basisdebút meitsje by de Ljouwerters.

Michael Breij:

Freed, yn de útwedstriid tsjin NEC, kaam Breij al yn it fjild foar Jacobs, doe't dy blessearre útfoel. Breij makke doe in goeie yndruk. En hy is bliid mei syn basisplak. "Ja, dat is mooi. Ik viel vorige week in en ja, ik had eigenlijk direct moeten scoren. Maar ik was nog niet echt warm en nog te veel met andere dingen bezig."

Breij fynt wol dat in basisplak in oar gefoel jout as op de bank begjinne. "Het is wat een cliché antwoord, maar je doet het in principe met zijn allen. Maar in de basis beginnen geeft wel een heel goed gevoel."

Ek Van Ewijk makket basisdebút

Trainer Henk de Jong lit noch in spiler debutearje: Milan van Ewijk begjint freed as rjochtsback yn de basis. Van Ewijk kaam ferline wike oer fan ADO Den Haag. Dat kostet Doke Schmidt (wer) syn basisplak. De Jong: "Ik begryp dat dit efkes sear docht by Doke. Ik haw der mei him oer praat. Sjoch, alle spilers krije hjir in lean en sy hawwe te iten en te drinken. Ik moat de kar meitsje om it bêste team yn myn eagen op it fjild te setten. Dat is topsport."

Sa sjocht de trainer ek kritysk nei dy oare back, David Sambissa. Dy wie ferline wike skorst en waard goed ferfongen troch Alex Bangura. Henk de Jong dêroer: "Bangura komt deroan. Sambissa wit dat hy gas jaan moat. Mar ik stel him wol op, want hy hat wol kredyt opboud."

Trainer Henk de Jong:

In oare nijeling, George McEachran, is neffens de trainer noch net oan in basisplak ta. "Wy binne drok mei him dwaande. Hy komt no noch in protte yn de bal. Wy wolle him leare mear djipgong te krijen en de stekpass tusken de linys yn te jaan."

Oer tsjinstanner MVV seit de trainer: "Ik ferwachtsje dat sy ynsakje sille. Tsjinstanners betinke tsjin ús hieltyd wer wat oars, dus wy moatte ek hieltyd wat betinke."

Opstelling Cambuur tsjin MVV: Stevens; Van Ewijk, Schouten, MacIntosh, Sambissa; Hoedemakers, Maulun, Breij; Antonia, Mühren, Oratmangoen.

(advertinsje)
(advertinsje)