It giet striemin mei de natuer, mar Fryslân besiket der wat oan te dwaan

06 feb 2020 - 18:33

It giet striemin mei de Nederlânske natuer. Dat docht bliken út it Living Planet Report dat om de twa jier makke wurdt: Natuur en landbouw verbonden fan it Wereld Natuur Fonds. Dêryn stiet ûnder oare dat it tal wylde bisten yn it boerelân sûnt 1990 de helte minder wurden is. Mar der lizze kânsen om dêr wat oan te dwaan, neffens de Vlinderstichting, dy't ek belutsen is by dit rapport.

Krûdrike greide - Foto: Foto: Anthonie Stip

De Vlinderstichting hat trije jier lang mei agraryske natuerferiening It Lege Midden en It Fryske Gea ûndersocht hoe't je ynsekten werom krije kinne yn de greide. Dat is op mear as tweintich plakken yn Fryslân dien. Dêrút docht bliken dat je mei in ferskaat oan maatregels in hiel ein komme kinne.

Ynsekten werom nei de greide

Bygelyks troch stripen lân mei krûden yn te siedzjen, mar ek in oare wize fan meanen smyt al mear ynsekten op. Minder ticht by de grûn meane, betsjut bygelyks dat de aaikes dy't ynsekten ûnderyn op planten ôfsette net fuortmeand wurde. Ek it fasearre meanen is hiel wichtich: je moatte net yn ien kear alles fuorthelje.

In grûnholder (aardhommel) - Foto: Foto: Anthonie Stip

Troch de meganisaasje giet dat no folle hurder en dat tempo kin de natuer net byhâlde. As der mear ynsekten binne, helpt dat ek de fûgels. In soad greidefûgels, en dan benammen de piken, binne ôfhinklik fan ynsekten. It ferdwinen fan blommen en krûden út de greiden is in wichtige reden wêrom it sa min giet mei de greidefûgels.

Agrarysk natuerbehear

Dit ûndersyk makket it neffens de Vlinderstichting mooglik om om spesifike pakketten mei maatregels foar agrarysk natuerbehear te meitsjen, sadat boeren dy't hjir mei oan'e gong wolle dêrfoar ek betelle wurde kinne.

Anthonie Stip fan de Vlinderstichting

Foppe van der Meer, Lânskipsbehear - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Foppe van der Meer fan Lânskipsbehear Fryslân

Hans van der Werf, Fryske Miljeu Federaasje - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Hans van der Werf fan de Fryske Miljeu Federaasje

(advertinsje)
(advertinsje)