Reedrydcoach út Gytsjerk werom út Sina troch coronafirus

Reedrydcoach Jan Willem Dantuma soe yn Sina jonge reedriders tariede op de Olympyske Winterspelen fan 2022 yn Beijing. Hy wie al oan it wurk yn de haadstêd fan Sina, mar op it stuit sit er gewoan by heit en mem yn Gytsjerk. Dat hat te krijen mei it coronafirus.
Reedrydcoach werom út Sina
Dantuma soe twa jier oan it wurk yn Beijing, mar troch it coronafirus mocht hy nei oardel wike karantêne mei ûnbetelle ferlof nei hûs.

Net nei bûten

Hy moast mei it team yn karantêne. "We sieten yn it hotel. We koenen nei it krachthonk en nei de iisbaan, mar fierder koenen we net nei bûten mear", fertelt Dantuma. Der waarden foarsoarchsmaatregels troffen by it hiele team en alle minsken deromhinne. De temperatuer moast twa kear deis metten wurde, se krigen mûlekapkes en moasten harren goed desynfektearje.
Reedrydcoach Jan Willem Dantuma © Omrop Fryslân
Se waarden út Beijing helle en nei in kampus brocht op acht oeren ôfstân fan de stêd, omdat dêr net sa'n soad minsken binne en it virus dêr ek net is. It risiko wie yn Beijing te grut. Yn it begjin makke er him wol soargen, mar hoe mear besmettingen der by kamen, hoe minder besef er der fan krige.

Gjin panyk by thúsfront

Ek syn âlden yn Gytsjerk bleaunen rêstich. "Ik makke my foaral soargen oer it feit dat hy opsletten siet", fertelt syn mem. "Oer it firus makke ik my minder soargen, just omdat se sa goed isolearre wiene en om't der yn ferhâlding net folle gefallen fan it coronafirus binne yn Beijing. Mar Jan Willem is net echt in jonge dy't je opslute moatte." Dêr is syn heit it folslein mei iens. "Nee, want it is in hiel 'gedreven' Jan Willem. Hy mei graach yn beweging wêze. Fytse, reedride, dat is syn drive."

Wer werom nei Sina?

It is net bekend wannear't Dantuma no wer werom moat nei Sina. "Dat kin oer trije wike wêze, mar ek samar oer trije moanne. We moatte de foarspellingen goed yn 'e gaten hâlde."
© Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Arjen de Boer yn petear me reedrydcoach Jan Willem Dantuma en syn âlden