Harnzer tegeltablo komt yn brûklien werom nei Fryslân
In bysûnder tegeltablo komt werom nei Fryslân. Yn oktober kaam yn it telefyzjeprogramma Tussen Kunst en Kitsch in fynst boppe wetter út it jier 1777: in tablo mei tegels wêrop't twa wolkjimmers te sjen binne. Om't it in seldsume foarstelling is, hat porslein-saakkundige Kitty Laméris it tablo op in wearde fan 10.000 euro skat.
De famylje Obma hat as hjoeddeiske eigener besletten om it tegeltablo yn brûklien te jaan oan it Eise Eisinga Planetarium en Gemeentemuseum het Hannemahuis. It tablo liket sterk op in tablo dat yn it wenhûs fan Eise Eisinga yn Dronryp hinget. Eisinga wie sels ek wolkjimmer. De musea hawwe ôfsprutsen dat it tablo wikseljend yn Frjentsjer en Harns te sjen is. Neffens de musea binne de eigeners der wiis mei dat de tegels no werom komme nei Fryslân.
In foarfaar fan de eigener dy't yn Tussen Kunst en Kitsch te sjen wie, wie in Fryske heareboer, dy't om 1895 hinne nei Den Haag ferhûze. Hy wie in samler fan porslein en fia him binne de tegels yn de famylje bûten Fryslân rekke.
Wolkjimmers
Op it tablo binne twa wolkjimmers te sjen dy't rûge wol kjimme. Tusken harren yn stiet in hjitte-kaam-pot, dat makke it makliker om de wol te bewurkjen. It tegeltablo is makke troch Simon Ydes Keizer, in keunstner wêrfan't ek in oar tablo yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits te sjen is. It Harnzer stik is makke yn de gleibakkerij oan de Zoutsloot yn Harns en it kaam yn in wenhûs yn Ferwert terjochte.
Rike opdrachtjouwer
De foarstelling is makke foar keapman en wolkjimmer Sybe Ottes Salverda fan Harns. Salverda troude yn 1762 mei Gryttje Jans Persyn en hy ferstoar yn 1780. Salverda moat in ryk man west hawwe, want net eltsenien koe sa'n grut tablo betelje. It nijsgjirrige is dat de makker likegoed as de opdrachtjouwer op it tablo steane en dat it gehiel hiel bleaun is.