Doarpshûs Terwispel wurdt ferboud

14 nov 2011 - 10:30

It doarpshûs yn Terwispel krijt 40.000 euro fan it Oranje Fonds foar de ferbouwing. De gemeente Opsterlân betellet dêr goed in ton oan mei. It doarpshûs is hast 25 jier âld en hurd ta oan in opknapbeurt.

De ôfrûne tiid moasten oanfragen foar kongressen en kursussen ôfwiisd wurde, omdat de romtes dêr net geskikt foar wiene. Der komt in nij ûnderkommen foar de jeugd en in nije ynrjochting. Fierders komt der romte foar toanielfoarstellings. It gebou wurdt ek better geskikt makke foar minsken dy't net goed gean kinne.

(advertinsje)