Blommen en briefke dellein by Ljouwerter flat dêr't deade man fûn waard

06 feb 2020 - 11:31

Blommen en in briefke binne tongersdeitemoarn dellein by de flat oan de Mondriaanstrjitte yn Ljouwert, dêr't ferline wike it libbenleaze lichem fan in man fûn waard.

It lichem waard op freedtejûn 31 jannewaris ûnderoan it flatgebou oantroffen. Neffens de plysje soe de 30-jierrige man út Ljouwert ynbrutsen ha op de boppeste ferdjipping fan de flat en dêrnei op it dak klommen wêze.

Hoe't it kin dat er fan de flat fallen is, is net dúdlik. Tocht wurdt dat dat barde, doe't er besocht fan it dak ôf te kommen. De plysje hat it ûndersyk nei de dea fan de man ôfsletten. It lichem fan de man waard al gau nei de fynst oerdroegen oan syn famylje.

Foto: AS Media

Op it briefke dat by de blommen leit en rjochte is oan de ferstoarne man, stiet: "Op vrijdagavond zag ik je levenloos liggen; dit heeft indruk gemaakt. Wat een afschuwelijk en ongelukkig ongeval voor jou! en ook voor anderen. Veel sterkte voor nabestaanden! We denken aan jullie!"

De plysje ûndersiket noch oft der meardere fertochten by de ynbraak belutsen wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)