Ekstra steatekommisje oer miljoeneferlies Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij

Der komt takom wike woansdei in ekstra kommisjegearkomste yn Provinsjale Steaten oer de reade sifers fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM). De NOM jout oan oer 2019 in ferlies te meitsjen fan tusken de 6,5 en 8,5 miljoen euro. De definitive sifers komme pas yn april.
© Google Street View
Direkteur Dina Boonstra fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij
De provinsje is mei-oandielhâlder fan de NOM. Oarsaak fan de reade sifers is neffens de NOM dat der te min bedriuwen suksesfol ferkocht binne. Ek falle de dividintynkomsten ôf en krige de NOM mei in net foarsjoen fallisemint te meitsjen. "We verdienen geld met rente, met dividenden en met het verkopen van bedrijven. Dat laatste is in 2019 niet gebeurd en dat leidt tot verlies", seit NOM-direkteur Dina Boonstra.
It is de earste kear dat de NOM reade sifers skriuwt. Yn de perioade fan 2010 oant 2018 hat de NOM gemiddeld 5,5 miljoen euro winst makke. De NOM skriuwt sels dat it in risikofinansier is dy't hege risiko's nimt en meastentiids ynvestearret dêr't de merk it noch net oandoart.

Fertrouwen yn 2020

It stelt dat de ûnderlizzende wearde fan de NOM-portefúlje wol op peil bleaun is en dat der alle fertrouwen is op in goed resultaat yn it kommende jier. "We hebben zicht op wat er gebeurt bij de bedrijven waarin we participeren", seit Boonstra. "Dus we kunnen een beetje vooruitzien. Daar heb ik op dit moment goede verwachtingen van." Boonstra begrypt de soargen fan de provinsje. "Ik ben graag bereid om in de commissie uit te leggen hoe het zit."
© Wiebo de Vries
Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries fan de ChristenUnie
ChristenUnie-fraksjefoarsitter Wiebo de Vries wie ien fan de oanfregers fan de kommisje. "We wolle mear dúdlikens fan de NOM, mar ek fan de deputearre, op hokker momint oft hy op 'e hichte wie fan dit ferlies en hoe't hy dernei sjochst. "De Vries is fernuvere troch it ferlies. "Ast yn 2017 noch in winst hast fan 14 miljoen en it jier derop op de nulline en no op ferlies... Dat is in line nei beneden, dêr't ik myn betinkingen by haw."

Gat opfolje fan de NOM?

De provinsje Fryslân is foar iensechsde oandielhâlder fan de NOM. "Dêrneist leit der in foarstel by Provinsjale Steaten foar it opheffen fan in folle dochter fan de NOM. Yn it PS-foarstel stiet dat it om likwiditeitsproblemen giet. Folje we mei it opheffen fan it Ynnovaasjefûns Noard-Nederlân (dy folle dochter, red.) dan net it gat fan de NOM? As der grutte fallisseminten tusken sitte dan is dat jild dat jo net weromkrije. Ik bin nijsgirrich wat de NOM dêrfan fynt." seit De Vries.
Deputearre Sander de Rouwe wie net foar in reaksje beskikber. Hy sei woansdeitejûn ek de sifers earst neier bestudearje te wollen. Steateleden hawwe al wol in brief fan Deputearre Steaten krige. De ekstra riedskommisje oer de NOM is takom wike woansdei op it Provinsjehûs.