PODCAST: 'Rôvers yn ‘e nacht'

07 feb 2020 - 17:04

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze tredde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'Rôvers yn 'e nacht'.

Oflevering 3: Rôvers yn 'e nacht

Op in stins yn de Fryske Wâlden moat in tsjinstfaam in pear dagen oppasse omdat har baas en de frou fuort binne. As se om itenstiid hinne stiet te pankoekbakken, ferskynt der ynienen in frjemde keardel yn de keuken: in rôver. De tsjinstfaam komt him op 'e lije side en wurket mei oan de rôverij.

Tegearre mei de rôver siket se alle sulver, goud en jild byinoar en follet sa fiif sekken fol. Dan stjoert se him nei it túnhûs om tou op te heljen om de sekken ticht te binen. As de rôver bûten is, docht se gau alle doarren op slot en de lûken ticht. De rôver is poerrazend! Hy hellet help en mei noch in steltsje oare rôvers besykje se dochs yn 'e stins te kommen. Dat komt in pear fan harren djoer te stean.

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)