Polityk Tytsjerksteradiel stelt opnij fragen oer azc-skoalle Burgum

06 feb 2020 - 10:54

Riedsleden fan GroenLinks, PvdA, VVD en D66 yn Tytsjerksteradiel hawwe foar de tredde kear fragen steld oan it kolleezje fan b&w oer de oankeap fan it klupgebou fan VV Burgum. It kolleezje kocht it gebou om der in azc-skoalle yn te húsfêstjen. Nei oankeap die lykwols bliken dat de plafonds te leech binne foar de plannen.

Gemeente Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De riedsleden fine it wichtich dat ynwenners en de ried in dúdlik oersjoch ûntfange, sadat ek sy de finansjele ûnderbouwing mei krije kinne. Se hawwe earder, op fersyk, in ûnderbouwing krige fan de totale ynvestearring fan 1,2 miljoen euro. Dat oersjoch ropt neffens de riedsleden lykwols in soad ferfolchfragen, om't de skatte kosten opteld wurde by de foarsjennings.

Underwiishúsfêsting

Der blykt in foarsjenning 'ûnderwiishúsfêsting learlingen azc' fan 815.000 euro oanwêzich yn de begrutting. Ek krijt de gemeente jild út it gemeentefûns foar húsfêsting fan skoallen en der is in regeling foar Onderwijs Huisvesting Budgetten Asielzoekers.

Dochs waard de gemeenteried frege om noch ris 30.000 euro ekstra yn it jier te reservearjen foar it ferbouwen of nijbouwen fan de skoalle. De riedsleden wolle witte wêrom en bettere antwurden op harren fragen.

Arsjitekten

De riedsleden wolle ek antwurd op de fraach oft it kolleezje resintlik trije ferskillende arsjitekten benadere hat om in ûntwerp te meitsjen foar de nijbou op it plak fan de âlde fuotbalkantine. Ek stelle de riedsleden fragen oer dizze ynvestearrings yn ferhâlding ta de nije sporthal Nije Westermar, dy't derneist leit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)