Sander Arends krijt wildcard foar World Tennis Tournament yn Rotterdam

06 feb 2020 - 10:14

De Ljouwerter tennisser Sander Arends krijt in wildcard foar it ABN AMRO World Tennis Tournament yn Rotterdam. Toernoaidirekteur Richard Krajicek lit Arends en syn dûbeldpartner David Pel fuort ta yn it haadtoernoai.

Sander Arends ferline jier op it ABN AMRO World Tennis Tournament - Foto: www.orange-pictures.nl

Fia harren plak op de ATP-ranking binne Arends en Pel net automatysk pleatst foar it haadtoernoai. Sy hiene harren troch it kwalifikaasjetoernoai pleatse moatten, mar mei de wildcard binne se dochs wis fan in plakje yn de earste ronde.

Ferline jier ferlern yn earste ronde

It toernoai begjint moandei yn Ahoy yn Rotterdam. Ferline jier krigen de twa ek in wildcard en ferlearen se yn de earste ronde fan Marcel Granollers en Nikola Mektic.

Woansdei ferlearen Arends en Pel op it ATP-toernoai yn India fan Robin Haase en de Sweed Robert Lindstedt: 7-6, 3-6, 8-10. Arends stiet no 77e op de wrâldranglist, Pel is de nûmer 102.

(advertinsje)
(advertinsje)