Jouster bern sammelje mear as tûzen euro yn foar Australyske skoalle

Judith, Ilsa, Kelvin en Fenne út groep 8 fan de E.A. Borgerskoalle op 'e Jouwer hawwe mei allerhande aksjes jild ynsammele foar Australië. It lân wurdt teistere troch boskbrannen. De fjouwer bern hawwe begrutsjen mei de minsken en bisten yn it lân en woene dêrom in stientsje bydrage. Yntusken hawwe se 1.500 euro ophelle.
© E.A. Borgerschool
De bern hellen jild op troch lege plestik flessen yn te sammeljen. Ek organisearren se in disko, dêr't besikers in pear euro tagong foar betelje moasten en wat lekkers keapje koene. Dêrneist stimulearre it fjouwertal oare bern en âlden om thús ek jild yn te sammeljen, troch bygelyks karweitsjes te dwaan of mei in eigen kreatyf idee.

Grutsk

Skoaldirekteur Sander Boersma is tige grutsk. "Se hearden dat der yn Australië ek komplete skoallen ôfbaarnd wiene. Dêr woene se aksje foar fiere. As sjochst hoe't de learlingen har ynsetten hawwe foar bern oan de oare kant fan de wrâld, dan is dat geweldich."
De aksje is betocht troch de fjouwer learlingen sels. Ien fan harren hat famylje wenjen yn de swierst troffen dielsteat New South Wales. It fjouwertal frege oft se aksje fiere mochten mei de hiele skoalle. "Ik sei: fansels mei dat, mar dan moatte jim it sels organisearje."
© Koen Dijkstra
Sa siet Boersma ynienen mei fjouwer ûndernimmerkes oan tafel. "Der kamen in hiel soad ideeën. Se binne sels nei de lokale supermerk gien om ôfspraken te meitsjen oer de flesse-aksje. By in oare supermerk hawwe se frege oft se in moanne lang de 'donaasjeknop' op de flesse-automaat brûke mochten. Se hawwe in diskofeest organisearre. Dêrfoar hawwe se in begrutting makke en ynvestearre. Mei sokke termen wiene se ynienen dwaande."

Mear as tûzen euro

Ek hawwe se presintaasjes jûn, sosjale media brûkt en lokale media benadere. "It hat in hiele goede les west. Se binne enoarm motivearre. Dit ferjitte se nea wer." De bern koene de rest fan de skoalle ek entûsjast meitsje. "Alden en learlingen hiene hiele positive reaksjes. Se wiene allegear yn it spier."
Der is yntusken al in flink bedrach ophelle: 1.500 euro. De Jouster skoalle wol mei it jild nij lesmateriaal en boeken foar de Australyske bern oanskaffe. "De ynhâld fan it gebou is ek fuort en dêr wolle we oan bydrage. We binne noch mei harren yn oerlis wêr we it krekt oan besteegje sille."
Direkteur Sander Boersma fan de E.A. Borgerskoalle