Kollum: "Bullshit"

06 feb 2020 - 08:42

"Ik ha it op dit plak leau ik al faker sein. Dat ik net oer de útspraak 'ik betreur de ophef' kin, dy't yn safolle farianten ús medialânskip oerspielt. Immen soe ris útsykje moatte wa't dizze leffe foarm fan net-sorry betocht hat. Se soene in stânbyld fan dizze lobbyist, pr-man/frou of politike spindoctor meitsje moatte, en dan in byld dêr't de kop fan yn in strop hinget.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It liket as oft ien sorry seit. En meastentiids is it dêrnei klear. Sorry-not-sorry foar ien of oare domme aksje of - noch faker - in stupide útspraak. Faak wat maatskiplik gefoelichs, soms krekt in bytsje oer de skreef, en geregeld bedoeld foar de eigen efterban. Dy fine it dan prachtich en binne bliid dat einliks ien ris doart te sizzen wat net sein wurde mei - yn harren eagen út politike korrektheid, mar meastentiids omdat it rûnút rasistysk, diskriminearjend, brút misledigjend of wat oars lâns dy line is.

De fariant fan dizze wike wie: 'Uiteraard heb ik niemand willen beschuldigen die geen blaam treft.' En dy folge nei in tweet oer in 'ynsidint' fan de lieder fan in partij dy't op it stuit de measte leden hat fan alle politike partijen, Thierry Baudet. De tweet stiet noch altyd op syn tiidline, yn twafâld, mei op rige in falske beskuldiging, it fuortsetten fan in befolkingsgroep as ynherint kwea-aardich, it misledigjen fan de Nederlânske plysje as ûnwillich, en noch wat nasjonalisme dêr't we yntusken oan wend binne, mar yn it ramt fan it foargeande dochs net echt ûnskuldich neamd wurde kin.

It duorre net lang oft it waard dúdlik dat hast alles dêr't de tweet op basearre is, net bard is.

Pas nei dagen fan ophef, dêr't Baudet fansels allinnich mar baat by hat, komt dan it leffe 'niemand willen beschuldigen die geen blaam treft', mei it wurd 'uiteraard' derfoar, sadat de lêzer him betrape fielt, mocht er earder tocht ha, hee, dit strookt dochs wol mei wat ik alris tocht ha oer Baudet. Uteraard net. Fansels. Hoe koene jo dat tinke.

Forum voor Democratie is yn de peiling fan Maurice de Hond ûndertusken de twadde partij fan Nederlân, in dield plak mei de PVV en de PvdA. Achttjin sitten soene se no ha. Mear as oardel miljoen Nederlanners soene op Forum stimme - mear as ien op 'e tsien. Dy ha dus gjin probleem mei sokke útspraken. Ik kin dat net befetsje, en ik ha it yn dizze kollum fierstente faak oer Forum, mar dat komt hjirtroch.

Sjogge je it dan net? Kin it je neat skele? Dat dit alles in ferdomd soad op rasistyske tinkbylden liket, dat der in protte yn te bringen falt tsjin it âlde polityk korrekte tinken, mar dat dit polityk ynkorrekte tinken foarfaars hat dêr't we graach ôfskied fan nimme woene, dat dit alles sa trochtrape, populistysk en falsk is?

Ik kin de 'beskuldigingen' dat ik links bin, dy't op dit soarte fan kollums gauris folgje, wol oan. Se komme faak fan minsken mei ideeën oer hoe't it allegearre oars moat. Oars as wat, freegje ik dan, oars as dat wat de rjochtse kabinetten fan de ôfrûne twa desennia dien ha? Dan moatst foaral op in noch rjochtsere partij stimme. Krekt sa't de Forummers en PVV'ers dy graach wiismeitsje, dat alles yn dit lân sa links is. Of minsken dy't der gau by binne mei harren eigen 'uiteraard'; fansels binne se net rasistysk. Fansels binne der goede Marokkanen. Fansels moatte minsken sûnder baan holpen wurde. Hoe soe ik oars oer se tinke kinne, 'ik betreur de ophef'.

Ja, stim dan net op dizze slange-oalje ferkeapers, op dizze sjarlatans, dit soarte fan dwaalljochten! Lês ris in partijprogramma, en nee, ek dit binne myn partijen net, fan bygelyks in PvdA, in SP of in GrienLinks. Dêr soe bêst ris wat yn stean kinne dat dy in ferdomd soad oansprekt, ast yndied net rasistysk bist, en ast echt wolst dat de saken yn dit lân hielendal oars oanpakt wurde as dat de rjochtse kabinetten fan de ôfrûne jierren dien ha.

Ik fyn it in taak fan kollumnisten om 'bullshit' te roppen as se it sjogge, sels al is it foar de tweintichste kear. En dat slagget my echt net alle wiken. Mar dy tweet fan Baudet, de ferdigeningen dêrfan troch syn oanhingers, en it leffe statement fan Baudet trije dagen letter, is de grouste bullshit yn lange tiid. Nei de dongbult dermei!"

(advertinsje)
(advertinsje)