LTO Noord skrokken fan hurde taal yn brief Farmers Defence Force

It oerlis tusken it Landbouw Collectief, premier Rutte en minister Schouten fan Lanbou woansdei waard ôfbrutsen fanwege in parseberjocht mei driigjende taal fan de boere-aksjegroep Farmers Defence Force, dy't diel útmakket fan it Landbouw Collectief. FDF brocht in berjocht nei bûten wêryn't sy úthellet nei partijen dy't bûten it kollektyf om mei Schouten prate soene en harren sektor dêrmei 'ferriede.' FDF hat yntusken har ekskús oanbean.
Premier Rutte, Van Maanen fan FDF, Dijkhuizen fan it Landbouw Collectief, Lyon Hutten en Trienke Elshof © ANP
Trienke Elshof fan LTO Noord wie woansdeitemiddei oanwêzich by it petear doe't it parseberjocht binnenkaam. "Wy wiene op dat momint ek fernuvere troch de brief fan FDF."
Woansdeitejûn kamen de fertsjintwurdigers fan it lânboukollektyf wer byelkoar. "We hiene in pittich oerlis. We hawwe lang byelkoar sitten, mar oan de ein fan de jûn hawwe we sein dat it weardefol genôch is om byelkoar te bliuwen. Mar dat betsjutte wol dat der in ekskúsbrief komme moast."

'Ferkearde wurdkar'

"Der is woansdei in parseberjocht de doar út gien mei ekskús en de melding dat Landbouw Collectief ôfstân nimt fan de brief", seit Elshof. "Mark van den Oever fan FDF hat ekskuses oanbean foar de ynhâld en de ferkearde wurdkar yn de brief."
FDF omskreau de oare partijen yn it parseberjocht earder as 'vleesbazen, de zuivelbobo's, de voerboeren, de bankiers en zelfs gevestigde orde belangenbehartiging.' FDF neamt dizze partijen 'de landbouwperiferie.' De boere-aksjegroep skriuwt: "Allemaal mogen ze binnen nu en een paar dagen langskomen bij Schouten om als een Judas de sector te verraden."

Fraachtekens

Dêr falt LTO Noord ek ûnder. "Wy hiene fansels fraachtekens by de ynhâld fan dizze brief. As Landbouw Collectief binne wy der foar de boeren. Wy fertrouwe derop dat it ministearje ús as earste oansprekpunt sjocht. En it stiet de minister frij te ûntfangen wa't se wol." Elshof giet derfan út dat de petearen ek gewoan fierder gean. "Wy wachtsje no op de útnûging fan Rutte en Schouten om opnij yn petear te gean."
Elshof merkt wol in ferskil tusken de ferskate partijen yn it kollektyf. "As we byelkoar sitte, merke we dat we yn in oare geast wurkje. FDF is byelkoar kommen út aksjes wei, wy út belangebehertiging en lobby. Dat liedt sa no en dan ta konfrontaasje. Mar we kinne elke kear wer konkludearje dat we genôch grûn hawwe om dit dossier tegearre ôf te rûnjen Tegearre berikke we mear as apart."
Trienke Elshof fan LTO Noord