Wynpark Fryslân smyt jierliks miljoenen op foar de direkte omjouwing

De provinsje ferwachtet jierliks sa'n 8 prosint rendemint te krijen út Wynpark Fryslân, foar de Iselmarkust by Makkum. Jierliks soe dat delkomme op sa'n 5 miljoen euro. Dat sei deputearre Sander de Rouwe woansdeitejûn by de steatekommisje oer it wynpark.
© Omrop Fryslân
Yn totaal hat de provinsje 100 miljoen euro yn it wynpark stutsen: 20 miljoen euro is brûkt om 15 prosint fan de oandielen te keapjen en de oare 80 miljoen euro is as liening jûn.
Fan de opbringst fan Wynpark Fryslân moat foaral de omjouwing profitearje. Dat kin troch it stimulearjen fan it duorsumer meitsjen fan de Fryske enerzjyhúshâldingen, it befoarderjen fan de wurkgelegenheid oan de Iselmarkust en it nei in heger plan tillen fan lokale duorsumens- en leefberensprojekten.
Op 26 febrewaris nimme Provinsjale Steaten in definityf beslút oer de foarnommen besteging fan de opbringsten dy't ferwachte wurde by Wynpark Fryslân.
Deputearre Sander de Rouwe
Stichting Doarpswurk wol op grutte skaal maatskiplik fêstgoed sa as doarpshuzen en biblioteken yn de provinsje ferduorsumje. De stichting freget de provinsje foar miljoenen boarch te stean, sadat banken earder mei in liening oer de brêge komme. Direkteur Theo Andreae fan Stichting Doarpswurk wol graach dat de provinsje de boarch hellet út de opbringsten fan Wynpark Fryslân.
Deputearre Sander de Rouwe is net fuortendaliks foar it plan. Hy wol soarchfâldich omgean mei it rendemint fan it wynpark, dat rûsd wurdt op sa'n 8 prosint. Yn de praktyk soe dat betsjutte dat de provinsje dêrút jierliks sa'n 5 miljoen euro te besteegjen hat.
Direkteur Theo Andreae fan Stichting Doarpswurk
Deputearre De Rouwe: "Doarpswurk is in hiele moaie organisaasje dy't doarpen en frijwilligers yn Fryslân stipet. Sy hawwe in idee om dat mei gebouwen duorsumer te meitsjen. Mar dêr sit wol risiko oan en dêrom fine sy dat it moai wêze soe as de Steaten dat risiko betelje wolle. Mar ik bin in saaklik deputearre en ik sis wol: wy meitsje in hiel moai grien rendemint op dat wynpark, dat wol ik net yn projekten stekke dy't net rendabel binne."
De deputearre jout dus net fuortendaalks ta. "As jo goeie ideeën hawwe, kinne jo stipe krije fan de provinsje út de opbringst fan it wynpark. Mar wy wolle net minne ideeën betelje, dat soe skande wêze. Mar wy hawwe der in petear oer en ik haw betrouwen yn Doarpswurk. Ik ken de plannen noch net konkreet, mar sy binne wolkom en sy binne der as earste by om harren te presintearjen."
Deputearre Sander de Rouwe oer it plan fan Doarpswurk