Kazerne Havelte siket nije militêren op skoallen yn Fryslân

Definsje siket nij personiel yn ûnder oare Fryslân foar de kazerne yn it Drintske Havelte. Der binne sa'n 800 fakatueres, meldt RTV Drenthe, en it slagget mar net om genôch soldaten te finen.
© ANP
Doel is no om nije minsken te finen troch op skoallen lessen te jaan, ek yn Fryslân. Kommend jier sille se begjinne op it AOC Terra yn Wolvegea en der binne ek petearen mei de Friese Poort. Learlingen kinne ek snuffelstaazjes dwaan op de kazerne.
Majoar Rick Saton fan de kazerne yn Havelte hâldt him dwaande mei sykjen nei nije minsken. Der wurde advertinsjes pleatst en de kazerne is aktyf op sosjale media om jongeren te berikken. Neffens Saton wurde der benammen minsken socht foar yn de pânserweinen en nei ferpleechkundigen op mbû- en hbû-nivo.
"Wy sykje gjin superminsken", leit de majoar út. "Mar op it momint dat je in bytsje sûn binne en in goede kondysje ha, dan kinne we der mei-inoar wol foar soargje dat je geskikt wurde foar in job."
© Omrop Fryslân, Alle Faber
Neffens Saton is it dreech om nij personiel te finen, omdat de minsken net mear sa bekend binne mei it leger as yn de tiid fan de tsjinstplicht. Ek moast Definsje de ôfrûne jierren bot besunigje en binne dêrtroch in soad kontakten yn de regio ferlern gien.
Mei de lessen op skoalle wol de kazerne mear fertelle oer it fak en sjen litte wat der allegear dien wurdt. Militêren wurde bygelyks ynset by nasjonale rampen sa as de kontenerramp by Skylge dêr't in soad militêren by holpen ha om op te romjen. Saton: "Dêrneist binne wy natuerlik ek foar de ynternasjonale feilichheid op 'en paad."
Majoar Rick Saton fan de kazerne yn Havelte