Boeren wolle mei trekker Ofslútdyk op, mar plysje hâldt se tsjin

05 feb 2020 - 19:49

In tsiental boeren hat woansdeitejûn besocht de Ofslútdyk op te riden mei harren trekkers. De boeren wiene fan doel op en del te riden nei Noard-Hollân. De plysje hat harren lykwols tsjinhâlde kinnen.

Op it sammelplak yn Surch krigen de boeren fan de plysje te hearren dat der hanthavene wurde soe as de boeren mei de trekker de sneldyk op soene. De boeren binne hjirnei de paralleldyk nei Koarnwertersân opriden en op in fiadukt stean gien, sadat se sichtber wiene foar it ferkear op de Ofslútdyk. Troch de aksje waard it fiadukt ôfsletten.

Mei de aksje woene de boeren it saneamde Landbouw Collectief stypje. Yn dit kollektyf hawwe ferskate lânbou-organisaasjes harren ferienige. Fertsjintwurdigers fan it kollektyf soene woansdei yn petear mei minister Carola Schouten fan Lânbou om te sykjen nei oplossingen foar ûnder oare de stikstofproblematyk. It petear waard lykwols ôfbrutsen fanwege in parseberjocht fan de Farmers Defence Force.

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)