Wifi-steuring troch graafwurksumheden oan Willemskade yn Ljouwert

05 feb 2020 - 19:01

Oan de Willemskade yn Ljouwert lei woansdei de hiele dei de wifi derút. Sa'n trijehûndert wifi-punten dienen it net mear, om't by graafwurksumheden kabels stikken rekken wiene.

Spinder Kabeltechniek fan De Harkema wie in glêsfezelkabel oan it oanlizzen, doe't de graafmasine in oantal wifi-kabels rekke. Benammen de gebouwen oan de strjitte hiene der lêst fan, wêrûnder advokatekantoar Canoy. "We kwamen erachter dat de boel niet meer werkte", fertelt advokaat Bart Canoy. "Eerst werd er nog gezegd dat er niets aan de hand was, maar later kregen we wel te horen dat dit aan de hand was."

Op it advokatekantoar koe noch wol wurke wurde, mar saken dy't gewoanwei fia wifi giene, moasten no mei de mobile telefoans dien wurde. "Het is heel onhandig. We kunnen door met werken, maar het is wel omslachtig en het moet altijd via een omweg."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

By kafee De Prins H. wurke it pinapparaat net mear troch de steuring en wie der gjin wifi foar bygelyks de gasten. Gelokkich hie it kafee ek noch in pinapparaat dat fia de satellyt wurket. "Maar het is voor de gasten wel vervelend natuurlijk, want heel veel mensen komen hier en willen graag op internet of werken en studeren."

It is net bekend hoelang't de steuring noch duorret. Spinder woe en koe dêr neat oer sizze. Advokaat Canoy bliuwt der rêstich ûnder, mar hopet dat it tongersdei wer klear is: "Het is misschien maar goed ook dat ze daar geen antwoord op geven, omdat ze het niet weten. Dan worden we niet blij gemaakt met dat het misschien niet zo lang gaat duren. Driehonderd aansluiting die opnieuw gelast moeten worden, het is niet één druk op de knop dat alles weer werkt."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferslachjouwer Jantine Stoffers seach by de wifi-steuring oan de Willemskade

(advertinsje)
(advertinsje)