'Er was eens een paartje in Loenen': 69 eroatyske limericken útjûn

05 feb 2020 - 18:38

"Er was eens een hoertje in Etten-Leur, met een ongelofelijk wijde scheur. Die stond altijd open, maar sluit na het kopen van een electrische garagedeur." It is samar ien fan de 69 limericken dy't yn it boekje stean dat Ben van der Geest skreaun hat. It boekje mei skabreuze limericken is woansdei presintearre yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Hoe komt in man by it skriuwen fan eroatyske limericken? Van der Geest: "In trije jier lyn, doe hie ik de geast en haw ik wol in stik of tûzen skreaun. Mar wat moatte je der mei? Sy leine ûnder yn de kast. Doe haw ik mei Pieter de Groot kontakt lein, dy hie in limerick fan in eardere kollega brûkt yn in kollum. Soe der noch leafhawwerij foar ditsoarte dingen wêze? Hy sei: besykje it ris by útjouwerij Perio fan Willem Winters, dy jout noch wolris wat aparte dingen út. En dy fielde der wol wat foar."

69 smoarge limericken

Sa kaam it idee foar in boekje ta stân. "Wy hawwe in seleksje makke fan 69 smoarge limericken. Sy moasten wol skabreus wêze, dat is wol de bedoeling. It is in tige strak rymskema en it moat in ferhaaltsje wurde mei in lytse draai: in taalgrapke, wat oerdreauns of wurdboarterij. Je moatte wat hawwe om te gnizen," leit Van der Geest út.

'Het beest met de twee ruggen'

It boekje hjit Het beest met de twee ruggen. "De titel is betocht troch Willem Winters. Hy hat in Sineesk byldsje, dat ek op de foarkant stiet. It binne twa minsken dy't oan it wippen binne, dus dat wie wol aardich. It boekje is ek in aardichheid, ik ferwachtsje der net safolle fan. It is ommers net foar eltsenien weilein, guon fine dit neat." Mar yn Ljouwert wie der lykwols wol belangstelling.

Ferslachjouwer Willem de Vries mei Ben van der Geest

(advertinsje)
(advertinsje)