Sem Vassilev (9) knipt syn hier ôf foar bern mei kanker

05 feb 2020 - 17:59

Trije jier lang hat de 9-jierrige Sem Vassilev út Frjentsjer sparre. Hy sparre gjin fuotbalplaatsjes, mar syn eigen hier om dat te donearjen oan Stichting Haarwensen. Dy kin der dan in moaie prûk fan meitsje foar bern mei kanker. Kapster Petra knipte syn hier live yn de studio fan De middei fan Fryslân ôf.

Yn earste ynstânsje woe Sem Vassilev it hier groeie litte, omdat syn heit ek lang hier hie, en dat fûn er wol moai. Mar doe't in famke út syn klasse har hier ôfknippe liet foar Stichting Haarwensen, woe Sem itselde dwaan.

Sem syn pake is ferstoarn oan kanker en syn beppe hat boarstkanker oerlibbe. Hy fûn it sa'n moai idee om it te donearjen oan Stichting Haarwensen dat er trije jier lang syn hier opsparre hat.

Mem Anke is fansels "supergrutsk" op har soan. "Hy hat altyd wol it trochsettingsfermogen hân om it net ôf te knippen." Minsken tochten noch wol ris dat er in famke wie. Foaral folwoeksenen tochten dat. De bern op syn skoalle fûnen it hiel normaal. Sem lûkt him der sels net safolle fan oan."

Sturtsjes

Kapster Petra hat Sem syn hier yn seis sturtsjes ferdield om dêr wer flechten fan te meitsjen. En doe is de skjirre deryn set. Sem fûn it superspannend, mar wie wol bliid dat er "no einliks net mear op syn hier hoecht te sliepen."

It leafste wol Sem syn hier skeef hawwe. Hy wol op Ronaldo lykje. En dat is aardich slagge.

(advertinsje)
(advertinsje)